Bernedokters Drachten beskrobbe

© Omrop Fryslân
Twa bernedokters fan Nij Smellinghe yn Drachten ha in skrobbearring krigen fan it tuchtkolleezje yn Grins. De bernedokters soene net fluch genôch hannele ha by de behanneling fan in slim sike poppe yn july 2001. De iene berne-arts seach pas trije kertier nei in oprop by it slim sike berntsje, de oare dokter avensearde net genôch by it dwaan fan ûndersiken. It berntje ferstoar letter. By flugger optreden hie dat oars rinne kinnen.