Tsjûkemar: fiskstreupers betrape

© Omrop Fryslân
De plysje boekte moandeitenacht in lyts súkseske yn 'e striid tsjin fiskstreupers. Op 'e Tsjûkemar waarden twa streupers op 'e die bestrape. De manlju smieten twa kisten mei yllegale netten en fongen fisk oerboard doe't se betrape waarden. It team fan 'e KLPD, de plysje en de AID dat de manlju betrape, hat 800 meter yllegaal fisktúch út it wetter helle.
De boat, de bûtenboardmotor en de netten binne yn beslach nommen.