'Rûnwei Bûtenpost moat klear'

25 mrt 2003 - 00:00

De provinsje moat mear prikken yn it wurk stelle om de rûnwei om Bûtenpost hinne takom jier klear te krijen. Dat fynt de Steatefraksje fan it CDA. Yn in brief oan deputearre Bijman skriuwe se dat it Ryk ynskeakele wurde moat. Foar de útfiering fan de rûnwei om it doarp hinne is noch hieltyd gjin tastimming. Neffens it CDA hâlde de Nederlânkse Spoarwegen de boel op. Sy wolle net meibetelje oan in oanpassing fan de spoarwei-oergong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)