Brân by Drachtster bakker

© Omrop Fryslân
Der hat moandeitemoarn op 'e nij brân west yn Drachten. Bakkerij Reijenga oan de Zuidkade waard troffen troch it fjoer. Der ûntstie brân yn de oven, it fjoer sloech dêrnei oer nei it plafond.
De brânwacht koe foarkomme dat it pân hielendal útbaarnde. Wol kin der de kommende tiid net bakt wurde. De bakker krijt foarearst bôle fan in kollega. Reijenga rûst de skea op hûnderttûzenen euro.