Aksje tsjin beneaming Kok

© Omrop Fryslân
In groep oandielhâlders fan Shell wol witte wêrom't Wim Kok kommissaris wurdt fan dizze oaljemaatskippij. It inisjatyf dêrta komt fan Benedictus fan Garyp. Hy is ponghâlder by de Fryske LPF.
De oandielhâlders ha in e-mailaksje opset. Dy is begûn as aardichheidsje, mar is ûnderwilens in serieuze saak. Benedictus har oars net de yllúzje dat er mei syn aksje de komst fan Kok keare kin.