Projekt opknappen tsjerkhôven

24 mrt 2003 - 00:00

Landschapsbeheer Friesland begjint dit jier mei in projekt foar it opknappen fan âlde tsjerkhôven. De provinsje stiet achter de komst fan sa'n soarte fan ûnderhâldsprogramma yn Fryslân, sa seit Landschapsbeheer. De organisaasje is noch wol op syk nei jild, frijwilligers en foaral tsjerkhôven.

Yn Grinslân draait in selde soart projekt. Dêr is al in tsjerkhôvewacht út ûntstien. Net allinnich it grien, mar ek grêfmonuminten wurde opknapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)