Ten Hoeve nei Earste Keamer?

23 mrt 2003 - 00:00

Ald-steatelid Hindrik ten Hoeve is troch de FNP keazen as kandidaat foar de Earste Keamer. Ten Hoeve (57) is konrektor op it Dockingakolleezje yn Dokkum. Earder wie er foarsitter fan 'e FNP.

De FNP die it poerbêst by de Steateferkiezings. De Steateleden meie ynkoarten stimme foar de Earste Keamer. Dar bart fia de saneamde Onafhankelijke Senaats Fractie (OSF), in list foar partijen dy't net lanlik aktyf binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)