Jiskefet: boete foar ôffal

23 mrt 2003 - 00:00

Trije bedriuwen yn Skarsterlân hawwe in bekeuring krige omdat meiwurkers ferkeard guod yn de bedriuwskontener dien hiene. De aksje wie ûnderdiel fan it Projekt Jiskefet, dêr't ek de gemeente Skarsterlân oan meidie.

Mei elkoar waarden alve bedriuwen kontrolearre. Fiif dêrfan wiene yn oarder en trije krigen in warskôging. By de oare trije fûnen de kontroleurs motoroalje, tl-buizen, kit en primer yn 'e bakken dêr't se net yn hearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)