Ritsma yn aksje foar Unicef

© Omrop Fryslân
Rintsje Ritsma sil him twa jier lang ynsette foar Unicef. Ritsma is beneamd ta 'Freon fan Unicef'. Op 30 maart sil de Lemster reedrider foar it earst foar de helporganisaasje yn aksje komme. Dan docht de allrounder yn Venlo mei oan in riksja-race foar skoalbern.
Doel fan de ynset fan Ritsma is jild yn te sammeljen foar it bernefûns fan de Feriene Naasjes. Boppedat sil de Lemster foarljochting jaan.