Avanti tichterby promoasje

22 mrt 2003 - 00:00

De sealfuotballers fan Avanti Stiens binne wer in stapke tichterby promoasje. Avanti spilet no noch yn de twadde klasse. Freedtejûn waard mei 6-1 wûn fan konkurrint Comme çi comme ça út Ljouwert.

Mei noch trije wedstriden te gean en seis ferliespunten minder as de konkurrinsje kin it hast net mear mis gean foar Avanti.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)