Legere wetterdruk troch lek

22 mrt 2003 - 00:00

Yn it gebiet Hearrenfean-Drachten- Aldeholtpea-Easterwâlde wie sneon hast gjin wetterdruk mear. Minsken koene wol wetter út de kraan krije, mar mei minder druk. By wurksumheden oan 'e dyk wie in transportlieding lek rekke. It wetter moast dêrom fan fierder fuort komme.

Wetterliedingbedriuw Vitens hat de hiele sneon dwaande west mei de reparaasje. De problemen wienen sneontejûn wer ferholpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)