Grienplan út ein set yn Ketlik

22 mrt 2003 - 00:00

Yn it ramt fan it projekt 'Doarpen yn it grien' is tegearre mei de doarpsbewenners fan Ketlik in grienplan opsteld. Sneon binne Pleatslik Belang Ketlik en Lânskipsbehear Fryslân út ein set mei it oanplantsjen fan yn totaal 27 beammen. It giet benammen om iken en boeken.

Op de beamplantdei fan takom tongersdei komme dêr nochris 11 iken en goed 300 struken by. Dizzen wurde oanplante troch skoalbern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)