Tûzenen euro's skea oan steiger

© Omrop Fryslân
Der is foar goed 18.000 euro skea oanrjochte oan in oanlissteiger by it eilân Tsjûkepôle yn de Tsjûkemar. It is net bekend wa't de dieder is. Wetterskip de Marrekrite kaam der pas koartlyn achter en hat freed de saak ynspektearre.
Sawat 25 meter oanlissteiger is skansearre troch de oanfarring. It ûngelok moat plakfûn hawwe tusken oktober ferline jier en maart dit jier. De boat moat dêrby ek skea oprûn hawwe.