Gjin annulearingsgolf reisburo's

© Omrop Fryslân
Reisburo's wurde noch net massaal konfrontearre mei annulearings yn ferbân mei de oarloch yn Irak. Wol boeke toeristen dy't nei Turkije of Israël soene it lêste momint in oare fakânsje. In tal learlingen fan opliedingssintrum Friese Poort doart net mear op stúdzjereis nei Turkije.
Reisbestimmings yn oare parten fan de wrâld wurde wer populêrder. Der is in needplan foar it gefal de oarloch gruttere gefolgen hat foar toeristen.