Grutte opkomst demonstraasje

21 mrt 2003 - 00:00

Sawat 250 minsken hawwe tongersdeitejûn by de Waach yn Ljouwert meidien oan in demonstraasje tsjin de oarloch yn Irak. Yn 14 oare stêden waard ek protestearre.

De SP hat de demonstraasje yn Ljouwert organisearre. It Frysk Fredesplatfoarm en de islamityske mienskip hâlden ek taspraken. Der kamen ek guon politisi op de demonstraasje ôf. Salang't de oarloch duorret, wol it Fredesplatfoarm alle tongersdeis demonstrearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)