Koart nijs Irak
GGZ De GGZ set de help oan de Irakezen yn Fryslân troch. De GGZ hat no sprekoeren opset foar Irakezen dy't troch de oarloch fan slach binne. Nei alle gedachten komme dy sprekoeren yn Ljouwert, Snits, Drachten en it Fean.
Demonstraasje Der sille sneon 4 bussen mei Friezen nei de demonstraasje tsjin de oarloch yn Irak yn Amsterdam. Dêr wurde tsientûzenen demonstranten ferwachte.