Lang ûnderweis nei dokterswacht

© Omrop Fryslân
Wergeasters en Wurdumers moatte aanst nei It Hearrenfean as se op jûntiid of yn it wykein in húsarts neidich hawwe. De beide húsdokters fan dy plakken hawwe besletten har oan te sluten by de dokterswacht fan It Fean.
It giet om in tydlike situaasje. As Ljouwert aanst ek in dokterswacht krijt, ein dit jier, geane de dokters oer nei dat plak. Wergea en Wurdum sitte mei Grou en Jirnsum yn in groep. Dy woene har by Hearrenfean oanslute.