Reitsma formateur fan de Steaten

© Omrop Fryslân
Boargemaster Reitsma fan Wymbritseradiel is beneamd ta ynformateur fan de Steaten. De CDA'er moat in nij kolleezje fan Deputearre Steaten gearstalle. Reitsma hat in soad politike ûnderfining. Hy hat wethâlder en Twadde-Keamerlid west.
Ien punt dêr't Reitsma mei de partijen oer prate sil is de sweeftrein. Foar de FNP tige wichtich. Dy partij is mei 7 sitten no grutter as de VVD. Dy gie fan 9 nei 6 sitten.