Earste ljipaaien twa gemeenten

12 mrt 2012 - 10:53

Pieter Postma fan Langsweagen hat moandeitemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Opsterlân fûn. Hy fûn it aai yn de greide oan De Plasse yn syn wenplak. It aai wurdt moandeitemiddei oanbean oan boargemaster Ravestein van de gemeente.

Geert Mooi fan Nijetrine hat sneintemiddei it earste ljipaai fan de gemeente Weststellingwerf fûn. Hy fûn it aai yn in stik lân yn Aldlemmer. It is foar de fjirde kear dat Mooi it earste ljipaai fan Weststellingwerf fûn hat. It aai wurdt moandeitemiddei oanbean oan boargemaster Van Klaveren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)