Nijpels: Fryslân is feilich

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Fryslân hoege har gjin soargen te meitsjen oer har feiligens. Dat seit Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels nei oanlieding fan 'e oanfal op Irak en de mooglike konsekwinsjes. De provinsje hat in beliedsteam opstart mei plysje en brânwacht, dy't de sitewaasje yn 'e gaten hâldt.
Neffens Nijpels is der gjin sprake fan in konkrete driging foar Fryslân. Mar minsken en objekten dy't gefaar rinne kinne wurde ekstra yn 'e gaten hâlden.