Net folle flaggen healstôk

© Omrop Fryslân
As protest tsjin de oarloch yn Irak hingje guon minsken de flagge healstok. Yn Tytsjerksteradiel ha in pear minsken harke nei de oprop fan GrienLinks yn de gemeente. Echt folle flaggen binne der bygelyks yn Hurdegaryp net te finen.
It is mar de fraach oft it wat úthellet. It jout yn alle gefallen romte oan de gefoelens fan ûnfrede. Mooglik steane foarbygongers troch de flagge stil by de oarloch.