Ferbod op opfang sike fûgels

20 mrt 2003 - 00:00

Stichting Dierenambulance mei net langer sike fûgels opfange. Dat hat de rjochter tongersdei besluten. Harry Bouwens stie foar de rjochter nei't er ferline jier oppakt wie. Hy hie beskerme fûgels yn syn besit.

Neffens Bouwens kostet it tefolle jild en tiid om alle beskerme fûgels nei opfangsintra te bringen. In fergunning foar opfang by him thús yn Tsjom is ek te djoer. Mear jild foar syn organisaasje soe in oplossing wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)