Koördinator foar miljeusaken

20 mrt 2003 - 00:00

Der komt in koördinator foar kwestjes dy't mei natuer en miljeu te krijen ha. It Fryske Gea, Steatsboskbehear, Fryske Miljeufederaasje en Natuermonuminten ha dêrta besletten.

Neffens de organisaasjes moatte de kontakten mei de steateleden oanhelle wurde. Troch it dualistyske stelsel kinne steaten ûnôfhinkliker fan de deputearren wurkje. Domien fan Wees, âld-wethâlder fan Tytsjerksteradiel, wurdt de koördinator.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)