Libben Eise Eisinga op film

19 mrt 2003 - 00:00

It libben fan Eise Eisinga, de makker fan it Planetarium yn Frjentsjer, wurdt ferfilme. Inisjatyfnimmers binne filmprodusint Anton Stoelwinder fan De Gordyk en de stifting freonen fan it Planetarium.

De film moat in byld jaan fan Eisinga sels mar ek fan Fryslân yn de 18e ieu, de tiid dêr't er yn libbe. De film is bedoeld foar yntern gebrûk yn it Planetarium mar ek foar nasjonaal en ynternasjonaal gebrûk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)