Soad animo foar fredesbuttons

19 mrt 2003 - 00:00

It Ljouwerter callcenter HCG oan de Tesselschadestraat is it lanlik kontaktpunt foar fredesbuttons fan Greenpeace. It binne fjouwerkante, wite buttons, dy't neffens de organisaasje steane foar de gedachte 'fjouwerkant foar de frede'.

As Nederlanners de button massaal opdogge is dat in sinjaal dat oarloch gjin oplossing is foar it konflikt Irak. Neffens it callcenter is der in grutte belangstelling foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)