Provinsje stipet sportstêd

© Omrop Fryslân
De provinsje stipet mei 19 miljoen euro Sportstêd Hearrenfean. De bestjoerders gienen der woansdei mei akkoart, ek al hat Brussel de subsydzje noch net goedkard. Brussel moat witte litte oft it giet om stipe oan in kommersjeel bedriuw. It risiko leit by de inisjatyfnimmers en net by de polityk.
De inisjatyfnimmers wolle witte wêr't se oan ta binne mei de bou fan de sport- en sûnensynstânsjes, oars lûke se har werom.