Rappe riders by Offenwier keare

19 mrt 2003 - 00:00

Snits komt foar de simmer mei ekstra maatregels by Offenwier om de rappe riders ôf te remjen. Koartlyn binne drompels oanlein en mei yn de beboude tritich kilometer yn de oere riden wurde. Dochs wurdt noch te hurd riden.

De dyk wurdt markeard dat it liket oft de rydbaan smeller is. Dêrtroch moat it ferkear stadiger ride. Mooglik komt der ek trajektkontrôle. De kosten foar de ekstra ferkearsmaatregels binne goed 70.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)