'Natuertoets' foar Oerol

19 mrt 2003 - 00:00

Oerol moat oanjaan hoefolle skea de natuer hat fan in foarstelling yn de iepen loft. Dat moat oanjûn wurde by de oanfraach fan fergunningen foar de foarstellings.

Meikoarten wurdt der ûndersyk dien op de sechtich festivallokaasjes op Skylge. Dat ûndersyk kostet 7000 euro. Oerol betellet in part, de rest komt fan de gemeente en de provinsje. Tenei moat it festival alles sels betelje. Oerol is dit jier fan 12 oant 22 juny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)