Gjin fûgelpest yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân is gjin fûgelpest. Dat docht bliken út ûndersyk fan CIDC Lelystêd. It ynstitút hat 40 Fryske bedriuwen ûndersocht op de oanwêzichheid fan it firus dat de fûgelpest feroarsaket.
No't der gjin firus fûn is, wurde nei alle gedachten freed de maatregels ferromme. Der mei wer slachte wurde en ferfier fan hinnen is mooglik. Ek meie der wer aaien yn de briedmasines. De fûgelpest komt no allinnich noch foar yn de Gelderse Vallei by Barneveld.