Provinsje ûniens mei ministearje

19 mrt 2003 - 00:00

De provinsje giet net akkoart mei de 15 saneamde Habitatrichtlijngebieten. Dat binne gebieten dy't it ministearje fan LNV oanwiisd hat as Europeeske natoerbeskermingsbegieten.

It Ryk wol de natoersônes oanmelde by de Europeeske Kommisje, mar dêr is de provinsje it net mei iens. Neffens deputearre Andriesen binne der tefolle ûndúdlikheden lykas oft boeren yn de gebieten hekkelje meie. Se wol no oerlizze mei it ministearje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)