Opfang foar Fryske Irakezen

© Omrop Fryslân
De GGZ biedt profesjonele opfang foar de likernôch tûzen Irakezen yn Fryslân, as de oarloch begjint. De sûnenstsjinst tinkt dat in soad minsken dy't hjir wenje, emosjonele problemen krije by in oarloch yn it gebiet dêr't se sels weikomme of dêr't noch famylje wennet.
De byienkomst wurdt ien kear yn Ljouwert hâlden. De GGZ fergoedet de reiskosten. Foar fierdere yndividuele help kinne de Irakezen by ien fan de GGZ-festigingen telâne.