Callsintrum ferhuzet nei Grins

18 mrt 2003 - 00:00

De stêd Ljouwert ferliest 300 banen troch de ferhuzing fan it callsintrum fan 'e SNT groep. It kantoar oan de Twibaksmerk giet ticht. Memmebedriuw SNT yn Zoetermeer makke tiisdei bekend dat it callsintrum yn Ljouwert ferhuzet nei Grins. De meiwurkers binne ek tiisdei troch de direksje ynformearre.

SNT wurke yn Ljouwert ûnder oare foar de KPN. De gemeente Ljouwert wie tiisdei noch net op 'e hichte fan it nijs en woe sadwaande net reagearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)