Undersyk nei omfang weagen

© Omrop Fryslân
De omfang fan de weagen yn de Waadsee is it ûnderwerp fan in ûndersyk dat Rykswettersteat de kommende tsien jier docht. Undersikers bringe alve punten oan yn it Amelanner Seegat. Se mjitte de hichte fan de weagen by hurde wyn, krêft njoggen of heger.
It ûndersyk, dat 50 miljoen euro kostet, is nedich om't bliken dien hat dat weagen de lêste tiid breder en heger wurden binne. Mooglik moatte de Fryske seediken oanpast wurde.