Aksje foar Sinezen út Wolvegea

© Omrop Fryslân
Alle 150 leden fan de Twadde Keamer ha tiisdei in e-mail krigen. Har wurdt frege om de Sineeske famylje út Wolvegea in ferbliuwsfergunning te jaan. De famylje is ferline wike út har hûs set nei't se nei sechtjin jier útprosedearre wienen.
Ynwenners fan Wolvegea en omkriten kinne fia in enkête oanjaan oft se foar of tsjin in fergunning binne. De útkomst wurdt presintearre yn de gemeenteried.