Brânwacht siket frijwilligers

18 mrt 2003 - 00:00

De brânwacht fan Smellingerlân besiket mei in grutte wervingskampanje 13 nije frijwilligers te finen. It 45-man tellende frijwilligerskorps hat op koarte termyn fjouwer nije brânwachters nedich. It kommende jier ferlitte njoggen minsken it korps.

Om't fersterking hurd nedich is krije alle ynwenners fan Drachten yn de leeftyd tusken de 20 en 38 jier dizze dagen in persoanlike brief mei útlis oer de wurksumheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)