Haai komt út aai op Skylge

18 mrt 2003 - 00:00

It Sintrum foar Natoer en Lânskip op Skylge hat sûnt koart in kathaai. It bistke waard fjirtjin dagen lyn berne út in oanspield aai. Der spiele geregeld aaien oan op Skylge, mar net faak fan kathaaien.

It aai is yn it akwarium fan it sintrum pleatst. Nei alve moanne is der in kathaai útkommen fan fjirtjin sintimeter lang. De kathaai kin oardel meter lang wurde en libbet fan lytse fiskjes en garnalen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)