Abma mei trainerskursus folgje

18 mrt 2003 - 00:00

Johan Abma hat moandei fan Cambuur it oanbod krigen om op kosten fan de klup it trainersdiploma te heljen. Hy soe dan mei yngong fan it nije seizoen yn de trainersstêf opnaam wurde kinne. Tocht wurdt oan in staazjeplak by in jeugdploech.

Abma is ek in ôfskiedwedstriid oanbean. De Snitser mei dan spilers útnoegje mei wa't er yn syn 15 jier by Cambuur spile hat. It bestjoer lûkt it ûntslach net yn. Abma hat it oanbod op beried.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)