Soargen oer driigjende oarloch

17 mrt 2003 - 00:00

Ek yn Fryslân nimme de soargen ta oer de driigjende oarloch tsjin Irak. Rûnom wurdt ferwachte dat de oarloch dizze wike begjint. Moandei die bliken dat it diplomatike paad definityf ôfsletten is.

Tsjin de oarloch binne al ferskate aksjes en demonstraasjes oankundige. GrienLinks yn Tytsjerksteradiel hat elkenien oproppen de flagge healstok te hingjen as Amearika de oarloch oankundiget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)