Park Heemstra State opknapt

© Omrop Fryslân
It park by Heemstra State yn Oentsjerk krijt syn âlde oansjen werom. De gemeente Tytsjerksteradiel hat de soarchynstelling in subsydzje fan twa ton jûn om it park yn de âlde steat werom te bringen.
Op dit stuit is Heemstrsa State al drok dwaande mei de werynrjochting fan it park. Ek de sleatten en brechjes wurde oanpakt. De hiele werynrjochting kostet njoggen ton. It park moat yn 2006 wer hielendal klear wêze.