Andriesen earst fraksjelieder

© Omrop Fryslân
Anita Andriesen wurdt foarearst de nije fraksjefoarsitter fan de PvdA yn provinsjale steaten. It nije steatelid en nûmer twa op de list, Janny van der Molen, is keazen as fise-foarsitter.
Andriesen wurdt nei alle gedachten deputearre. Neffens de PvdA betsjut dat net dat Van der Molen opskoot en foarsitter wurdt. Guon fraksjeleden fine dat de fraksjefoarsitter immen wêze moat mei ûnderfining yn de steaten.