Mysterieuze longsykte yn Europa

17 mrt 2003 - 00:00

Dokters en sikehûzen yn Fryslân binne ekstra wach op in mysterieuze longsykte dy't no ek yn Europa sinjalearre is. De Fryske GGD is op de hichte steld fan de symptoamen, troch de Wrâldsûnens-organisaasje.

Oan de sykte, in soart fan longûntstekking, binne yn de wrâld no 9 minsken stoarn. It liket derop dat de sykte út Azië komt en him fia fleantúchpassazjiers ferspriedt. De sykte begjint mei koarts en hoastjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)