Sit-in foar útprosedearren

17 mrt 2003 - 00:00

In sit-in yn it gemeentehûs fan Frjentsjerteradiel moat op 'e nij ûnderdak ôftwinge foar it útprosedearre asylsikersgesin Djoheric. De famylje fûn, nei't se op strjitte setten wiene, ûnderdak by frou Koops út Zevenaar. Sy jout lieding oan de sit-in en prate moandei ek mei boargemaster Haveman.

Haveman hat lykwols neat tasein. De gemeente kin neffens har neat foar de famylje Djoheric dwaan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)