De Jouwer wint út by Be Quick

16 mrt 2003 - 00:00

Sportklub De Jouwer makke snein de kompetysje yn 'e earste klasse F wer spannend. Yn in drege partij op in min fjild wisten de Jousters út by koprinner Be Quick Grins mei 0-1 te winnen. Oanfierder Klaas de Jong makke de iennichste goal. Hy skoarde yn 'e 39ste minút fan 'e twadde helte út in penalty.

Troch de útoerwinning nimme de Jousters yn 'e sneins haadklasse F it earste plakje wer oer fan Be Quick Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)