Sjitpartij yn Drachten

© Omrop Fryslân
In man út Drachten is yn 'e nacht fan sneon op snein swier ferwûne rekke neidat hy delsketten waard troch in man út Appelskea. De Appelskeaster soe de Drachtster jild bringe. Op it stuit dat de man út Appelskea it jild oerlangje soe waard de Drachtster fan efter út 'e auto delsketten. De man koe flechtsje en is oerbrocht nei it sikenhûs,
Fan de dieders ûntbrekt elts spoar. De krekte motivaasje achter de sjitpartij is de plysje ek noch net dúdlik.