Wâldnet: dokke foar ekstra byld

© Omrop Fryslân
Website www.waldnet.nl wol besikers tenei betelje litte foar ekstra foto's en filmkes op 'e site. Waldnet bringt nijs út de Fryske wâlden en is net mear bysteat om alle ynformaasje fergees oan te bieden. Foar it besjen of bestellen fan ekstra foto's en filmkes moat tenei 1 euro 15 betelle wurde. Dat beteljen giet fia in saneamd switchpoint.
Alle dagen wurde der 3.000 nijsberjochten fan Wâldnet lêzen, sa meldt webmaster Jan Jelle Klomp.