Japanske oester bedriget kokkels

© Omrop Fryslân
De Japanske oester makket yn 'e Waadsee regaad ûnder kokkels en moksels. It bist waard in jiermannich tebek ynfierd út Japan. Omdat de larven fan 'e oester jonge kokkels en moksels opfrette, ha dizze skulpdieren der fan te lijen. Soks hat wer earnstige gefolgen foar fiskers, strânljippen en eidereinen.
Biologen sille de kommende tiid in ûndersyk dwaan nei de Japanske oester yn 'e Waadsee. It publyk kin hjirby helpe troch gegevens troch te jaan.