Joadsk besit yn Fersetsmuseum

15 mrt 2003 - 00:00

Yn it fersetsmuseum yn Ljouwert is freed de útstalling In Bewaring Gegeven út ein set. De tentoanstelling toant persoanlike besittings, dy't joaden efterlieten doe't se deporteard waarden yn de oarloch.

In soad joaden joegen har guod oan famylje of buorlju, yn de hoop it letter wer te krijen. In diel fan dy besittings is no yn it museum. Dat hopet yn kontakt te kommen mei minsken dy't rjocht ha op de besittings.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)