Korso fan kofjemokken

© Omrop Fryslân
Blommekorso's binne in bekend fenomeen, mar in optocht fan grutte kofjemokken, dat is wer wat oars. Bewenners fan De Jouwer en omkriten koene sneon sa'n optocht bewûnderje. Dy wie organisearre troch Douwe Egberts, dy't dit jier mei ferskate aksjes it 250-jierrich bestean fiert.
De seis fertoande reuze-kofjemokken binne in pear wike lyn beskildere troch bern op in tal skoallen. Publyk krige fansels in fergees bakje kofje.