AID: al it plomfee binnendoar!

© Omrop Fryslân
Eigners fan plomfee yn hiel Nederlân moatte harren bisten foarearst binnen hâlde. De romte dêr't de bisten sitte moat boppedat goed ôfsletten wurde fan 'e bûtenwrâld om de fierdere fersprieding fan 'e fûgelpest foar te kommen. It ministearje fan lânbou hat dizze maatregels freed ôfkundige.
De algemiene ynspeksjetsjinst AID sil dit wykein strang kontrolearje op it neilibjen fan dizze saneamde hokplicht. Dizze plicht jildt ek foar hobbyboeren.