Biste-ambulânse foar de rjochter

14 mrt 2003 - 00:00

Diere-ambulânse De Wadden fan Noardwest-Fryslân moat nije wike foarkomme. De diere-ambulânse wegeret om in boete fan 350 euro te beteljen dy't oplein is troch de AID fanwege it opheinen fan beskerme fûgels, in ielgoes, strânljip en trije seefûgels. Neffens de wet meie je sokke fûgels net opheine. Bouwens fan 'e diere-ambulânse fynt dat de AID in útsûndering meitsje moat foar diere-ambulânses, want dy is der om sike bisten te helpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)